Тёмный

Rients Gratama 80 jier (diel 1) 

Подписаться
Просмотров 8 тыс.
% 17

Op 24 jannewaris wurdt Rients Gratama 80 jier. Dat is ek de dei dat syn nijste foarstelling "Geraniums of Gladiolen" yn premjêre giet. Want Rients giet gewoan stadich troch, syn aginda hat net folle lege siden. Hy hat noch altyd wat te fertellen en de drang dat op it poadium te bringen. In bûtenkategory artyst, dat is Gratama, mei in útwrydske karriêre en in trou publyk. Kleinkunst, kabaret, akteare, skriuwe, lesjaan en presinteare, alles liket like belangryk. Is dat sa? En wat hat him dat brocht? Wie it ek wolris dreech of iensum bygelyks. Yn 'Gratama, diel 1 en 2' praat Annet Huisman hjiroer mei him nei oanlieding fan filmfragminten, op it poadium fan it Posthuis Theater. Rients is in begenedige ferteller èk yn in petear oer syn libben en karriêre, dat twa kear in goed heal oere is krapoan genôch...
Diel 1 op 1 jannewaris om 18.15 oere en diel 2 op 2 jannewaris om 18.20 oere
www.rientsgratama.nl

Хобби

Опубликовано:

 

1 янв 2012

Поделиться:

Ссылка:

Скачать:

Готовим ссылку...

Добавить в:

Мой плейлист
Посмотреть позже
Комментарии