Тёмный

Simmer 2000 - Boerebûterfeart Nei Omsk 

Int13h
Подписаться 616
Просмотров 36 тыс.
50% 1

Dutch: int13h.byethost...
Boerebûterfeart Nei Omsk
De Kast, Rients Gratama, Maaike Schuurman
Wy ride mei de troika troch it wite winterwâld
It friest in graad as tritich en it is ferrekte kâld
De hynstehoeven knarse troch de droege farske snie
't Is yn Siberië, dus wat oars as de Dokkumer Ie
Ik reiz'gje mei ús omke Wassilev út Wolgograd
Dêr't hy in winkeltsje mei wodka, tsiis en bûter hat
Us omke is in slimme sakeman nei myn idee
In troika fol mei boerebûter fan de E.E.G.
Dy bûter, seit ús omke, is yn't Westen fierste djoer
Dus fret men margarine en de bûter dy bliuwt oer
Dêr hat men dus yn Brussel dizze oplossing op fûn:
Wy Russen krij dy bûter foar in dûbeltsje 't healpûn
Bûter, brea, griene tsiis, ja it is in grutte griis
Bûter, brea, griene tsiis, och se binne lang net wiis
Wy binn' op reis nei Omsk en omke hat in fleurich sin
Hy sjongt fan Hop hop hynke en Hou er de moed maar in
Mar ûnderwilens wurdt it roerich op 'e eftergrûn
En heart men moartsjen en mâlgûlen troch de winterjûn
It is in keppel wolven en se komme tichterby
Us omke set in liet yn fan Hup sûpengrottenbrij
Dan sjonge wy de Wâldsang en ek noch it Heitelân
Mar dêrmei hâlde wy de tastân lang net yn 'e hân
It Dokkumer lokaaltsje, Skûtsjesilen is ús nocht
En wylst de earste wolf in raam nei omke's skonken docht
Sjong ik fan Rôlje rôlje en ik jou de wolf in hoart
't Is skande, seit ús omke, mar de bûter moat oerboard
Bûter, brea, griene tsiis, ja it is in grutte griis
Griene tsiis, bûter, brea, leaver alles kwyt as dea
Dêr ploft it earste skoand're doaske bûter op 'e grûn
De wolven fret'as wolven want de wolven binne sûn
Sa binne wy foarlopich oan in wisse dea ûntkaam
Wol no ris brûzj'en siede en It feintsje fan Menaam
De hynders drave pittich, mar wy binn' noch net yn Omsk
It swit dat stiet ús op 'e rech en dochs binne wy klomsk
En wylst it tsiende doaske bûter foar de wolven ploft
Elts mei graach ris fiskje en De tiid dy hâldt gjin skoft
De bûter rekket op mar omke ropt: ha mar gjin noed
Wy ha noch wol in doaze Pastachoca bearegoed
De wolven frette alles, mar se jouwe har net del
Dêr giet de lêste Braderije en de Halvamel
Bûter, brea, griene tsiis, God wat wurdt ús omke griis
Griene tsiis, bûter, brea, mem ik wol noch lang net dea
Dan binne wy yn Omsk en omke stekt de fûst omheech
Wy binne rêden, ropt er, ek al is de troika leech
Iksels bin fan myn sûp en stut, fan't hynder en oerstjoer
Mar okme Wassilev fersûpt syn allerlêste stoer
Hy sit de hiele nacht mei al syn maten yn't kafe
Se sjonge Bonke bonkefeart en Henkie Kroes olé
Us omke wurdt op't lêst fansels sa dronken as in mûs
Nei dizze wer in frisse, der is bûter by de rûs
Bûter, brea, griene tsiis, noch in kear en altyd priis
Griene tsiis, bûter, brea, bûten, Kobus giet nei Appelskea
Bûter, brea, griene tsiis, bûten friest it hynsteiis
Griene tsiis, bûter, brea, mei de boerefaam yn't hea
En no dus de moraal, want dy moat dit ferhaal dochs ha:
Us bûter is te djoer foar d'absolute minima
En wylst de heale wrâld noch altyd op in houtsje fret
Binn' yn Siberië alle wolven as in baarch sa fet
Bûter, brea, griene tsiis, beppe hat har rydbewiis
Griene tsiis, bûter, brea, hagelslach en wetterskea
Bûter, brea, griene tsiis, mem har panty yn 'e tiis
Griene tsiis, bûter, brea, supertrio Wolvegea
Bûter, brea, griene tsiis, poeiermolke en anys
Griene tsiis, bûter, brea, protters boppe Jobbegea
Bûter, brea, griene tsiis, 'k seach ús omke Sybren niis
Griene tsiis, bûter, brea, sels mei gryp ûnder de lea
Bûter, brea, griene tsiis, en wa't noch mear wit krijt in priis

Опубликовано:

 

16 окт 2024

Поделиться:

Ссылка:

Скачать:

Готовим ссылку...

Добавить в:

Мой плейлист
Посмотреть позже
Комментарии : 14   
@BinneReitsma
@BinneReitsma 2 года назад
Machtich! Dat ik dit net earder heard hie
@Humanspectrum
@Humanspectrum 4 года назад
Ik wol Drs. P net tekoart dwaan, mar fan dizze tekst kin hy in punt meitsje! Poerbêst!
@johannesdevreeze1367
@johannesdevreeze1367 7 дней назад
Wy ride mei de troika troch it wite winterwâld It friest in graad as tritich en it is ferrekte kâld De hynstehoeven knarse troch de droege farske snie `t Is yn Siberië, dus wat oars as de Dokkumer Ie Ik reiz`gje mei ús omke Wassilev út Wolgograd Dêr`t hy in winkeltsje mei wodka, tsiis en bûter hat Us omke is in slimme sakeman nei myn idee In troika fol mei boerebûter fan de E.E.G. Dy bûter, seit ús omke, is yn`t Westen fierste djoer Dus fret men margarine en de bûter dy bliuwt oer Dêr hat men dus yn Brussel dizze oplossing op fûn: Wy Russen krij dy bûter foar in dûbeltsje `t healpûn Bûter, brea, griene tsiis, ja it is in grutte griis Bûter, brea, griene tsiis, och se binne lang net wiis Wy binn` op reis nei Omsk en omke hat in fleurich sin Hy sjongt fan Hop hop hynke en Hou er de moed maar in Mar ûnderwilens wurdt it roerich op `e eftergrûn En heart men moartsjen en mâlgûlen troch de winterjûn It is in keppel wolven en se komme tichterby Us omke set in liet yn fan Hup sûpengrottenbrij Dan sjonge wy de Wâldsang en ek noch it Heitelân Mar dêrmei hâlde wy de tastân lang net yn `e hân It Dokkumer lokaaltsje, Skûtsjesilen is ús nocht En wylst de earste wolf in raam nei omke`s skonken docht Sjong ik fan Rôlje rôlje en ik jou de wolf in hoart `t Is skande, seit ús omke, mar de bûter moat oerboard Bûter, brea, griene tsiis, ja it is in grutte griis Griene tsiis, bûter, brea, leaver alles kwyt as dea Dêr ploft it earste skoand`re doaske bûter op `e grûn De wolven fret`as wolven want de wolven binne sûn Sa binne wy foarlopich oan in wisse dea ûntkaam Wol no ris brûzj`en siede en It feintsje fan Menaam De hynders drave pittich, mar wy binn` noch net yn Omsk It swit dat stiet ús op `e rech en dochs binne wy klomsk En wylst it tsiende doaske bûter foar de wolven ploft Elts mei graach ris fiskje en De tiid dy hâldt gjin skoft De bûter rekket op mar omke ropt: ha mar gjin noed Wy ha noch wol in doaze Pastachoca bearegoed De wolven frette alles, mar se jouwe har net del Dêr giet de lêste Braderije en de Halvamel Bûter, brea, griene tsiis, God wat wurdt ús omke griis Griene tsiis, bûter, brea, mem ik wol noch lang net dea Dan binne wy yn Omsk en omke stekt de fûst omheech Wy binne rêden, ropt er, ek al is de troika leech Iksels bin fan myn sûp en stut, fan`t hynder en oerstjoer Mar okme Wassilev fersûpt syn allerlêste stoer Hy sit de hiele nacht mei al syn maten yn`t kafe Se sjonge Bonke bonkefeart en Henkie Kroes olé Us omke wurdt op`t lêst fansels sa dronken as in mûs Nei dizze wer in frisse, der is bûter by de rûs Bûter, brea, griene tsiis, noch in kear en altyd priis Griene tsiis, bûter, brea, bûten, Kobus giet nei Appelskea Bûter, brea, griene tsiis, bûten friest it hynsteiis Griene tsiis, bûter, brea, mei de boerefaam yn`t hea En no dus de moraal, want dy moat dit ferhaal dochs ha: Us bûter is te djoer foar d`absolute minima En wylst de heale wrâld noch altyd op in houtsje fret Binn` yn Siberië alle wolven as in baarch sa fet Bûter, brea, griene tsiis, beppe hat har rydbewiis Griene tsiis, bûter, brea, hagelslach en wetterskea Bûter, brea, griene tsiis, mem har panty yn `e tiis Griene tsiis, bûter, brea, supertrio Wolvegea Bûter, brea, griene tsiis, poeiermolke en anys Griene tsiis, bûter, brea, protters boppe Jobbegea Bûter, brea, griene tsiis, `k seach ús omke Sybren niis Griene tsiis, bûter, brea, sels mei gryp ûnder de lea Bûter, brea, griene tsiis, en wa`t noch mear wit krijt in priis
@johannesbakker4330
@johannesbakker4330 11 лет назад
Bûter, brea, griene tsiis, ja it is in grutte griis Griene tsiis, bûter, brea, leaver alles kwyt as dea Bûter, brea, griene tsiis, poeiermolke en anys Griene tsiis, bûter, brea, protters boppe Jobbegea - ik vind het heel leuk. (Ik ben in Marssum geboren en in de V.S. groot gebracht. Ik zocht eigenlijk "Rollje Rollje" -- een lied die mijn moeder altijd zong. Maar dit is hartstikke leuk.)
@songsnewsmienskipbyarendar9064
Ik zou even "Frisian Songs Mienskip" zoeken op you tube.... kan je je lol niet op :)
@gakinho
@gakinho 15 лет назад
Leuk ferske :)
@Wiers302
@Wiers302 16 лет назад
Prachtig :D
@luitzenhietkamp
@luitzenhietkamp 15 лет назад
Dit is wol tige moai. Hoe hjit de sanger? Ik wit dat er de heit spile hat yn Dankert&Dankert, mar ik bin syn namme efkes kwyt en ik haw op it stuit gjin nocht om it op te sykjen. Groetnis.
@johannesdevreeze1367
@johannesdevreeze1367 9 месяцев назад
Rients Gratema
@xMissVaagheid
@xMissVaagheid 16 лет назад
No no, leaf bliuwe berntsjes!
@jurjenmolen
@jurjenmolen 16 лет назад
fryslan boppe^^
@luitzenhietkamp
@luitzenhietkamp 15 лет назад
It stiet der ek boppe sjoch ik no.
@akkevandijk1019
@akkevandijk1019 5 лет назад
Herman finkes
Далее
Simmer 2000 - Hert Fan Myn Gefoel
6:01
Просмотров 28 тыс.
simmer 2000 liet
5:11
Просмотров 52 тыс.
Cool Parenting Gadget Against Mosquitos! 🦟👶
00:21
Outsmarted 😂
00:20
Просмотров 4,5 млн
Dahlsjöfallet. Vad hände?
22:50
Просмотров 36 тыс.
REPO: Gerard Cox over Rients Gratama
3:26
Просмотров 2,6 тыс.
Doede Veeman - De Begraffenis Fan Omke Wopke
6:06
Просмотров 56 тыс.
Det Är Hit Man Kommer När Man Kommer Hem
5:36
Просмотров 293 тыс.
Piter Wilkens - Oeral Thus Videoclip
4:07
Просмотров 235 тыс.
Op een dag
4:18
Просмотров 6 тыс.
It Paad Werom
6:03
Просмотров 36 тыс.